Foto Fan Eartids

Hjir haw ik noch in foto fan fier yn `t ferline
As ik der nei sjoch kin `k der sa yn ferdwine
Ik wit noch dat `k fiif waard, de dei fan myn  jierdei
De winsk fan myn dreamen, it kado dat heit  kocht hie
It skippersklavierke mei kleuren dy`t glommen
Ha ik middeis noch mei nei it sirkus ta nommen
En brandwearman wurde, wat koe `k dêr yn  leauwe
Dy dreamen bin fuort, it gefoel sil der bliuwe

Djip yn myn hert ferlang ik faak nei dat bern werom
Bern binne `t leafst gau grut, no dat giet hurd
As my it libben tsjin sit tink ik oan dy tiid
Al waard ik nea dy brandwearman, `k rekke  it bern net kwyt

Doe wie alles (sa) dúdlik, gjin soargen, gjin twifels
Fan God kaam it goede en `t kwea fan de Dúvel
De klok oan de muorre hong dêr inkeld foar `t  moaie
Ik hie alle tiid om yn `t doarp rûn te skoaien
De see wie in feartsje (fjetsje), myn klomp yn  in sleatsje (sljetsje)
En de dea wie net mear as de kat fan muoi Fetsje
De wrâld wie net grutter as de globe fan Tsjitte
Ik koe him mei myn pink om syn as draaie  litte

Djip yn myn hert ferlang ik faak nei dat bern werom
Bern binne `t leafst gau grut, no dat giet hurd
As my it libben tsjin sit tink ik oan dy tiid
Al waard ik nea dy kapitein, `k rekke it bern  net kwyt

Allinnich of iensum, hoe koe ik dat kinne
Ik hoechde allinnich nei hûs ta te rinnen
Mei in gat yn myn kop en myn broek wer oan  flarden
Myn mem wie wol thús, dus wat koe my no barre

As my it libben tsjin sit tink ik oan dy tiid
Al waard ik nea die Grutte Pier, `k rekke it  bern net kwyt